Muziek

De wylde bruijers

Meindert Talma

CLIP

SONGTEKST

‘och heare hitskes,’ seit Boate Blow, ‘dizze dei hat my fel slein, it wie benei as sonk myn libben yn dat grize gat wei’ ‘hâld op mei janken,’ ropt Sybren Spegel, ‘hé stik sjagrijn achter dyn moaie tap, jit ús glêzen even fol, en as it kin in bytsje rap’

och hearehitskes, och harrejasses dêr komme de wylde bruijers mei harren dronken harses se hawwe kisten oan en swarte learen jassen se hâlde fan dea izer en hollebatse se sykje spul, se skelle en rache, en jouwe rake klappen se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven

och hearehitskes, Sybren Spegel en Boate Blow komme der oan it binne dikke doerakken en stikken ûnferstân och hearehitskes dêr komme de wylde bruijers dy’t mei de jûkte yn ’e lea de herbergen ôfstreupe, om de boel flink te ferneuken

och hearehitskes, och harrejasses dêr komme de wylde bruijers mei harren dronken harses se hawwe kisten oan en swarte learen jassen se hâlde fan dea izer en hollebatse se sykje spul, se skelle en rache, en jouwe rake klappen se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven

och heare hitskes

© All rights reserved

INFO

  1. 12e lied op ‘Kriebelvisje’ (Excelsior Recordings; 2003)
  2. Opgenomen en gemixed in Sound Studio Enterprise te Weesp. Geproduceerd door Frans Hagenaars en Meindert Talma.
  3. Hoes cd: Peter Pontiac.
  4. Meindert Talma: tekst, compositie, zang, toetsen
  5. Cor van Ingen: bas
  6. Jeroen Kleijn: drums
  7. Anne Soldaat: gitaar

KOMT VOOR OP