Muziek

Fostedina

Meindert Talma

CLIP

SONGTEKST

Fostedina Fostedina dochter fan kening Redbad dû hast de kristenen ûntsnappen litte en dat silstû witte

De oare moarns sa gau de sinne op is giet it yn optocht nei de skandepeal Fostedina rint tusken de priesters alhiel yn sniewite klean

in âlde priester bynt har oan’e peal fêst dan nimt er in kroan fan hagedoarn en triuwt dy Fostedina op ’e moaie prinsesseholle

de toarnen gean har djip yn it fleis wei it bloed rint har by strieltsjes it gesicht del sa stiet hja dêr de hannen op ’e rêch bûn de hiele dei, de hiele lange jûn

© All rights reserved

KOMT VOOR OP