Brânmerk
Meindert Talma
CLIP
SONGTEKST
ik mei dy stommegraach, dû makkest my alhiel oerstjoer dû sist by my ynbrânt as in brânmerk yn in kowehûd oh deale fanke mei dyn prachtich spierd lyfke bist dû foar my in alderferskuorrendst moai wyfke
ja dû bist gewoan dwarstrochalles hinne fertel my hoe kin ik dyn hert winne
fan dyn lichem is elke line hiel sûpel brutsen en brekber as porseline dyn oanwêzigens snijt troch myn siele dû bist myn blauwe flam myn blauwe leafde
de loft is alhiel ôfskjinne it binne allegear stjerren en hoe kin ik dyn hert winne ik ha dy socht yn de winter ik ha dy socht yn de simmer hoe kin ik dyn hert winne
de folle moanne brânt yn myn lichem in hiel fel ljocht eksplodearret yn myn holle dû bist makke om de himel omheech te hâlden, dyn stim golft yn sonyse golven myn holle binnen
© All rights reserved
