Muziek

Datst dû net mear bestiest

Meindert Talma

CLIP

SONGTEKST

dû bist in skoander frommes dû makkest my alhiel oerremis altyd goed yn it fleis en sa glânzich as in ikel 4 jier ha ik op dy wachte mar ik krige taal noch teken wiest altyd al in nuvere sipel ik bin dy noait ferjitten ik ha sa faak oan dy tocht faker as Jezus oan syn skiep sa faak dat it sear die en ik woe datst dû net mear bestiest ja ik woe datst dû net mear bestiest ik ha al in pear pilskes hân ik bin noch by myn folle ferstân ik stean noch stevich op myn skonken mei ik mei nei dyn hûs want ik ha in soad te bepraten 4 jier ha ik op dy wachte mar ik krige taal noch teken ik ha sa faak oan dy tocht faker as Jezus oan syn skiep sa faak dat it sear die en ik woe datst dû net mear bestiest ja ik woe datst dû net mear bestiest swarte loft ferdriuwt de sinne swarte fûgels fljogge oer ús hinne de himel is mei donkere wolken belutsen sa lang hiest dy de hannen fan my ôflutsen hoewolst dû net mear mei my pratest wiest dû foar my in ljocht sûnder skaad dû hast dyn skuld noait bleatlein dû hast der noait in wurd oer sein ik ha sa faak oan dy tocht faker as Jezus oan syn skiep sa faak dat it sear die en ik woe datst dû net mear bestiest ja ik woe datst dû net mear bestiest

© All rights reserved

INFO

  1. 2e lied op ‘Zonder titel’ (Excelsior Recordings; 2005)
  2. Opgenomen door Edwin Pot op het Spul van Jan Heddema bij de Brandsjes thuis in Drachtstercompagnie en gemixed door Erik Hulshof in Studio Lobbes te Groninger-Opende.
  3. Artwork: Eduard Bezembinder
  4. Fotografie en vormgeving: Henx
  5. Meindert Talma: tekst, compositie, zang, toetsen
  6. Nyk de Vries: gitaar
  7. Janke Brands: bas
  8. Jan Pier Brands: drums

KOMT VOOR OP