Muziek

Dû tinkst dat it komt

Meindert Talma

CLIP

SONGTEKST

ús pake Atte wie 94 en echt útlibbe hy wie op al wie er yn ‘e holle noch sa helder sa geef as kryt en doe bin ik deselde nacht dat er ferstoarn is by him west hy hie kompleet gjin krachten mear en hy wie noait in prater west in serieus petear hie ik myn libben noch noait echt mei him hân want yn de omgong wie er wat ôfstânlik noait echt in waarm persoan ik frege him ek niks ik sei: ‘hoi hoe is it?’ en doe sei er samar út it neat wei hy fette eigentlik yn inkele wurden syn hiele libben gear: ‘dû tinkst dat it komt mar it komt noait’ en dat stiet by my yn marmer beiteld dat is in hiel libben yn ’t koart hy wie op syn manier sykjende allinnich hy socht it yn ’e matearje hy hat gewoan de pech hân dat er yn in ferkearde tiid libbe hy kaam út ’e bittere earmoed wei út ’e tritiger jierren en berikte toch min ofte mear wat er berikke woe: in sekere foarspoed in sigaar roke kinne iderien in eigen hûs en toch sei er by syn ferstjerren: dû tinkst dat it komt mar it komt noait dan bist 94 en dan tinkst noch hieltyd dat it komt dû tinkst dat it komt mar it komt noait

© All rights reserved

INFO

  1. Laatste lied op ‘Zonder titel’ (Excelsior Recordings; 2005)
  2. Opgenomen door Edwin Pot op het Spul van Jan Heddema bij de Brandsjes thuis in Drachtstercompagnie en gemixed door Erik Hulshof in Studio Lobbes te Groninger-Opende.
  3. Meindert Talma: tekst, compositie, zang, toetsen
  4. Nyk de Vries: gitaar
  5. Janke Brands: bas
  6. Jan Pier Brands: drums

KOMT VOOR OP