Earder as letter (one of us must know (sooner or later))
Meindert Talma
CLIP
SONGTEKST
Ik woe dy echt hielendal gjin kwea dwaan. It wie echt net persoanlik bedoeld. Ik woe dy echt net sa’n fertriet dwaan. Dû wiest dêr gewoan en dat wie cool. Doesto ôfskie naamst fan dyn freon seach ik dyn laits en ik tocht it sit wol goed. Dû komst al hiel gau wer werom. Ik wist net datsto ôskie naamst foar goed.
Mar earder as letter krijt ien fan ús it troch datsto diest watsto altyd diest. Earder as letter krijt ien fan ús it troch datsto foar my de ienige wiest.
Ik seach net yn watsto my toane koest dyn sjaal ferburch dyn mûle hiel. Ik seach net yn datsto my kinne koest mar dû seist dat dat sa wie en ik leaude dy. Doesto flusterest yn myn ear en frege of ik no har of dy thúsbringe soe. Ik hie net troch hoe jong do wiest. Ik hie net troch dat it noait wat wurde koe
Ik seach niks mear doe’t it begûn te snijen ik hearde allinne dyn stim yn ‘e snie. Ik hie gjin idee wêr’t wy no wienen mar dû seist ik wit de wei en ik leaude dy. En dû seidest my letter doe’t ik sorry sei dat it mar in grapke wie, dû kaamst net fan ‘e buorkerij. En ik sei dy, doesto myn eagen útklaudest dat it noait myn bedoeling west wie om dy sear te dwaan.
© All rights reserved
INFO
- “Earder as letter” is verschenen op de CD “Dylan in het Fries” en is Friestalige versie van “One of us must know (sooner or later)” van Bob Dylan.
- Productie en filmregistratie: ACB Wommels
- Vertaling, arrangement, piano en zang: Meindert Talma
- Drums: Sietse Huisman
- Electrische gitaar: Fokke van der Veen
- Contrabas: Johannes Adema
- Toetsen: Ruben Mulder
