Hear sjoch en sprek gjin kwea
Meindert Talma
CLIP
SONGTEKST
Wiebe sit yn de tsjustere keamer yn syn holle is in lûd ge-eamel as Wiebe sliept dan krijt er nuvere dreamen in skrutene beweging en Wiebe wurdt kjel druppels swit falle fan syn foarholle del oan de muorre hinget in foto fan mem
hear sjoch en sprek gjin kwea nee dat docht Wiebe net, dat docht er nea
Wiebe hat him dizze wike noch net wosken “hip hip hip” dogge alle mosken it sop rint Wiebe al om ’e tosken in glêd brún ding krûpt oer de flier senuweftich tysket Wiebe troch syn tinne boskje hier it skeelt net folle of Wiebe moat skrieme
© All rights reserved