Pers

Meindert Talma in de pauzestand

De Feanster

15 april 2020
Tekst en foto's: Fokke Wester

Klik op de afbeelding om het volledige artikel te lezen (jpg-bestand)

NOORDHORN/SURHUISTERVEEN - Verplicht thuisblijven heeft ook zijn voordelen, merkt Meindert Talma. Hij heeft nu bijna zijn hele muzikale oeuvre op YouTube geplaatst en is bezig met zijn nieuwe roman.

Meindert Talma zou dit voorjaar in aanloop naar het EK Voetbal een tournee door Nederland maken met zijn De Grote Meindert Talma Voetbalshow. Vorig jaar januari bracht hij zijn cd Balsturig uit, met tien liedjes over markante Nederlandse voetballers en een nummer over stadion de Lange Leegte in Veendam. Samen met zijn plaat Eenmaal Oranje uit 2012, waarvoor hij tien liedjes maakte over voetballers die in hun loopbaan één keer het Nederlands elftal haalden, had hij een aardig repertoire om uit te putten.

Pauze ,,En dan hie ik ek noch it ferske oer Rummenigge út 2001. Twa kear 45 menuten soe it wurde, mei in pauze, sa’t ik ek earder al dien hie. Net echt in konsert, mar in soart revue, mei fan myn kant ferskes en dia-sprekbeurten en alle kearen twa skriuwers dy’t ferhalen foarlêze soenen en mei wa’t ik tafelpetearen hâlde soe oer it Nederlâns elftal. Ik hie dêrfoar al in pooltsje dêr’t ik út putte koe, mei minsken as Frank Heinen, Willem Vissers, Henk Spaan, Marcel van Roosmalen en Sjoerd Mossou.’’

Achttien shows stonden er gepland, maar door de coronacrisis zijn ze allemaal afgelast. Omdat het EK uitgesteld is tot volgend jaar is er een grote kans dat ook de voorstellingen verschoven kunnen worden, vertelt Talma. ,,By de boekers binne se der mei dwaande. Ik hie oars al wer plannen foar oar jier, want ik woe my rjochtsje op diel trije fan myn romansyklus. Dat ha’k no nei foaren helle.’’

,,Ik kin gau in plaat meitsje, mar sa’n boek giet in protte tiid yn sitten. Balsturig hie ik foarrich jier jannewaris klear, De Domela Passie al yn novimber. Ik ha der in protte foar lêze moatten, mar ferskes skriuwe giet frij snel. Ik haw in hiel soad oansetten en ideeën lizzen. Dy nim ik as demo op, of ik notear se yn myn eigen noatesysteem. By de Passy giet it om it ferhaal, dat fertel ik fia de songteksten. Dan sykje ik by in tekst in demo dy’t past. Soms moat ik wat feroarje, soms skriuw ik der nije musyk by. De passy is in moaie foarm. Ik haw it sels sa wat yn mekoar flanst, dat ik de bandstikken moai ôfwikselje koe mei de aria’s, de koarstikjes. De band fertelt it ferhaal, de aria’s geane mear yn op it karakter fan Domela. Ik fyn it sels sa wol moai slagge.’’

Zanger Bij de Passie staat Meindert Talma voor op het podium, als een echte zanger, met achter en naast hem de band, het strijkersensemble en het koor. Over zijn zangkunst zijn al vanaf het begin de meningen sterk verdeeld. De een vindt zijn frasering, klemtonen, rijmen en accent prachtig, de ander gruwt er van. Hij heeft over de kritiek zelfs een liedje gemaakt, Zanger, met daarin de prachtige kritiek van De Stille Genieter na het beluisteren van zijn debuutplaat Honderd Punten uit 1997: ‘Dû bist fierder in hiele bêste jonge, mar dû kinst echt net foar in meter sjonge.’ ,,En yn de clip dêrby hie ik allegear krityske opmerkings oer myn sang út resinsjes opnaam. Ik ha sels noait muoite hân mei myn eigen sang, mar feit is wol, dat ik no in stik better sjong as 23 jier lyn. ’’

Vroeger kon hij zich nog achter zijn orgel en piano verschuilen, maar de toetsen worden nu bespeeld door Herman Grimme. ,,Dat allinnich sjongen is begûn by dat programma oer Werkman, dat ik makke mei The Melisma Saxophone Quartet. En it wurke goed, ik hie mear kontakt mei it publyk. It past ek by myn rol as ferteller. En Herman is in geweldige toetsenist, dêrom kin ik dat ek wol útbestede. Allinnich by solo-optredens spylje ik noch. Toetsen is wol myn basis. Ik hie as jonkje yn Surhústerfean al oargelles, en dat eindige op myn santjinde mei twa tsjerke-oargeldiploma’s.’’

Van zijn Domela Passie, die vorig jaar november in première ging, stond dit voorjaar alleen nog een voorstelling gepland eind april in Nij Beets. De laatste was in Iduna in Drachten, waar Talma met de Negroes ooit zijn eerste optreden gaf, vlak na het uitkomen van de eerste plaat, Honderd Punten. ,,Nei de simmer steane der ek noch acht of njoggen, bygelyks op Into the Great Wide Open op Flylân, mar oft dy trochgeane is fansels noch ôfwachtsjen. Dit kin noch wolris in hiel skoft duorje. Earst moatte wy dizze twa moanne marris útsitte en dan is it ôfwachtsje hoe’t it yn Sjina komt mei de twadde golf. ’’

Spaanse Griep ,,Dit binne hiel útsûnderlike tiden. It wie earst in ‘ver van ons bedshow’, mar sûnt it yn Itaalje út ‘e hân rûn is, is hjir in protte ûnseker wurden. It liket op de Spaanse Gryp fan 1918, ja. Us pake Geale syn mem is doe stoarn. Hy hat der wolris oer ferteld. Doe’t se kamen om de bern it minne nijs te fertellen, joegen se dy allegear as treast in sûkerklûntsje yn it bûthûs. Syn jongste suske, tante Pyt, hat noch in skoft by in omke en muoike wenje moatten.’’

,,De tiden binne no hiel oars, foaral troch de bettere kommunikaasje en soarch. Ik folgje it wol, mar ik ha der gjin ferlet fan om der djipper yn te dûken. Der skynt om de hûndert jier sa’n útbraak te wêzen, hieltyd rûn de jierren twintich. It is miskien krú sein, mar it liket krekt op de myksomatoaze by de kninen. As der te folle minsken komme, grypt de natuer yn.’’

Opruimen De laatste weken is Talma opvallend aanwezig op de sociale media. Het lijkt of hij zijn harde schijf aan het opruimen is, want hij plaatst geregeld filmpjes van zijn liedjes op Youtube. Zo zette hij er sinds het begin van de coronacrisis zijn muziek op voor de film Tamango, het luisterboek van ‘Je denkt dat het komt’ (het tweede deel van zijn roman-albumcyclus ‘Nederlands Onbekendste Popster’ uit 2017), zijn complete debuut-cd Honderd Punten en zijn vierde cd Leave Stumper. Vrijdag nog zette hij het full album Kriebelvisje op YouTube. Elke post wordt aangekondigd middels een bericht op Facebook.

,,Ik bin in leafhawwer fan YouTube. Ik bin echt in fanaat en hâld fan it sneupen nei aparte nûmers. Ik mei der graach op sykje en fûn dat ek al myn santjin platen dêr te finen wêze moasten. Ik bin net foar neat histoarikus. Ik doch it systematysk en pleats sa no en dan ientsje. Moatst de minsken ek net oerfuorje. Boppedat moat it wol bûten myn gewoane wurk om. Ik hie fan myn debuut-cd noch in oantal eksimplaren lizzen, mar nei myn post op Facebook haw ik dêr ek noch fyftjin fan ferkocht. De cd-ferkeap is wol bot ynsakke, omdat alles op Spotify te krijen is, mar ik tink dat de cd oer in pear jier de selde status krijt dy’t finyl no hat.’’

Ballade van Jannes Meindert Talma is in fan fan Bob Dylan, maar diens nieuwste song Murder Most Foul, zomaar uit het niets uitgebracht op 27 maart, heeft hij nog niet gehoord. Het lied, het eerste eigen nummer sinds 2012, is met bijna 17 minuten meteen het langste uit het oeuvre van Dylan. Met die 16.56 minuten is het nog altijd vijf minuten korter dan Meinderts Ballade van Jannes van der Wal. In twaalf lange coupletten verhaalt hij over het leven van de dammende Fries, die wereldkampioen werd, maar vooral wordt herinnerd vanwege zijn malle fratsen in de media.

,,Ik sykje de útsjitters. Jannes keas der sels foar om de malloot út te hingjen, want dan koenen se hiim brûke op radio en tv en sa koe hy der as profdammer wat byfertsjinje. It tragyske wie dat er op syn 39-ste weirekke oan de sykte fan Hodgkin. Tsjintwurdich soenen se op him it etiketsje autist plakke, doe neamden se him in geniale gek. Ik ha wol mear plannen foar muzikale wurken om persoanen hinne, mar dy hâld ik earst mar foar my, oars giet aanst in oaren der mei oan’e haal. Ik kom der wol mei nei bûten as it yn’e steigers stiet.’’

Thuis Op dit moment werkt Talma thuis in Noordhorn aan zijn nieuwe roman, deel drie van zijn cyclus ‘Nederlands Onbekendste Popster’. ,,En dat duorret wol in jier. Omt ik te boek stean as in oeuvre bouwer, kom ik yn oanmerking foar in wurkbeurs. Ik doch alles thús en dêr bin ik yn dizze coronatiid gelokkich mei. In eigen studio is tefolle sein, mar ik kin hjir yn myn wenkeamer ek musyk opnimme, de nûmers fan Balsturig haw ik hjir ek allegear opnaam, dus ik soe tuskentroch ek oan in nije plaat wurkje kinne.’’

,,Dochs mis ik it optreden wol. Froeger mei de Negroes repetearden wy alle wiken yn Drachtster Kompenije, mar dat gebeurt no net mear. De toetsenist wennet yn Grins, drummer Johan Kooi yn Zwolle en de Brandsjes (gitarist JanPier en bassiste Janke Brand) sitte yn Rotterdam, dan is soks net te dwaan. Se krije no demo’s mei troch my útwurke arrangeminten. Foar de Domela Passie ha wy trije dagen repeteard: in dei mei de band, in dei mei de band en strikers en in dei mei de band, strikers en it koar. As elkenien thús goed oefenet, dan kin it ek wol.’’